MEI DYN TAAL KOMSTO FIERDER AS DYN GRINS

Ferlis dyn taalgrinzen mei it European Charter Classroom Activities (ECCA) projekt


Mei it European Charter Classroom Activities (ECCA) projekt wurkje skoallen yn de klassen oan aktiviteiten oangeande it 
Europeesk Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen. It projekt fersoarget it ûntwikkeljen fan lesaktiviteiten en bringt jongerein en dosinten út de ferskate taalregio’s troch útwikseling tichter by-inoar.

Wat dogge wy?

Untwikkeljen lesaktiviteiten

ECCA taal kampus

De Ried fan Europa hat febrewaris 2019 ark ûntwikkele om op Europeeske skoallen yn it foartset ûnderwiis aktiver oan de gong te kinnen mei it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen.  Dit ark, de saneamde educational guidelines to bring in linguistic diversity in the classrooms is wiles oerset nei ferskate talen. Wy, 8 partners fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) hawwe mei-inoar dit ECCA projekt opset om it ark dat der leit fierder te ûntwikkeljen ta konkrete yn it taalgebiet passende lesaktiviteiten.  Yn de rin fan it projekt sille skoallen dy’t hjir ynteresse yn hawwe it lesmateriaal hjir ek delhelje kinne.
FRYSK ECCA Guidelines

It ECCA-projekt bringt jongerein en dosinten út ferskate taalregio’s tichter byinoar. Troch sels te sjen hoe’t yn in oar lân mei taal omgongen wurdt,  komst ek mear te witten oer watsto tinkst en fielst by dyn eigen taal. Werom praat jongerein op it skoalplein yn Udine noch Friulan mei-inoar en net allinne Italiaansk? En wat is it dochs dat Katalaanske en Hongaarske  jongerein yn Roemenië grutsk makket op harren taal? Yn dit ECCA projekt leit de fokus fan de aktiviteiten op de organisaasje fan in taal kampus foar de behelle skoallen. De ECCA kampus sil plak fine op de Balearen. Troch mei lokale minsken dy’t in taal hawwe dy’t net de iennichste taal yn in regio of lân is yn de kunde te kommen, komst ek mear te witten oer wat taal no eins betsjutte kin. Troch ûnderfiningen en gefoelens te dielen mei minsken dy’t ek in oare regionale taal prate njonken oare talen, kinst de tafoegde wearde  fan meartaligens better begripe.

Hokker skoallen dogge mei?

Nijs

Jonge Europeanen fiere harren talen op de Balearen

Fan 12 – 15 maaie kamen 24 jongelju út 8 ferskillende taalregio’s byinoar om harren talen te fieren op de Balearen, Spanje. Neidat se earder dit jier meidien hiene oan de ECCA kompetysje, sleaten dizze jonge skoalbern fan 14 oant 17 jier mei harren learkrêften oan by it ECCA-kampusûnderdiel fan de European Charter Classroom Activities (ECCA) projekt. It projekt wol jonge Europeanen sjen litte hoe weardefol it is om mear as ien taal te hawwen.

ECCA rap
Op de ECCA-kampus folgen de jonge skoalbern in op taal rjochte trajekt troch mei te dwaan oan ferskate aktiviteiten. Njonken kuierjen, in wurkwinkel Ymprovisaasjeteäter en in muzykjûn mei muzyk yn de eigen talen, wie ien fan de aktiviteiten it meitsjen fan in meartalige rap. 

De projektlieder fan de ECCA-kampus Ypie Boersma (provinsje Fryslân): “Ik tink dat dit op de hiele wrâld de iennichste besteande rap is yn ús 8 talen: Welsk, Frysk, Hongaarsk Ruotsinsuomi, Katalaansk, Baskysk Ladinysk en Friulysk. Foar my wie it echt geweldich om te sjen dat jongelju út hiel Europa wille mei-inoar belibje en wilens ûnderfine dat se echt oer grinzen hinne komme kinne mei harren eigen taal.”

MoJo
Njonken it produsearjen fan in rap op de ECCA-kampus folgen de dielnimmers de Mobil Journalist (MoJo) wurkwinkel. Se makken allegear in nijsberjocht foar fertsjintwurdigers yn Europa oer wat der dien wurde moatte soe foar harren taal. De Katalaanske fertsjintwurdigers fan Andorra, Cerni Roig, Esther Claveri en Carla Iglesias neamden yn harren MoJo-fideo dat sy graach wolle dat har taal net mear sjoen wurdt as in minderheidstaal. lt Katalaansk is de offisjele taal yn Andorra en wurdt troch 10 miljoen minsken sprutsen in 4 Europeeske lannen. Esther Claveria: “Katalaansk is in wêzentlik part fan ús libben. Wy tinke net graach dat wy lytser binne as oaren omdat wy dat net sa fiele.”

Keppelings nei de resultaten fan de ferskillende troch de ECCA-dielnimmers makke MoJo nijsberjochten binne te finen op Instagram thisismylanguage.eu

ECCA-projekt

Mei it European Charter Classroom Activities (it ECCA projekt), kinne skoallen yn ‘e klasse wurkje oan aktiviteiten út it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Minderheidstalen. It ECCA-projekt hat as doel om aktiviteiten te ûntwikkeljen foar yn ‘e klasse en dêrmei jongelju en learkrêften fan ferskillende regionale talen tichter byinoar te bringen. It ECCA-projekt is mooglik makke troch in subsydzje fan it Network to Promote Language Diversity (NPLD) en bydragen fan de dielnimmende NPLD-partners. Network to Promote Linguistic Diversity (Netwurk om taalferskaat te befoarderjen) It NPLD is in Europeesk netwurk dat wurksum is op it mêd fan taalbelied en taalplanning foar talen yn Europa. NPLD hat sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en ferieningen as har leden. It ECCA-projekt wurdt spesifyk mooglik makke troch de folgjende partners: Provinsje Trento/Ladin Cultural Institute “majon di fascegn”, Agjenzie Regjonâl pe Lenghe Furlane (ARLeF), Partium Christian University, Xarxa Vives d’Universitats, Provincial Council of Bizkaia, Welsh Government, Universiteit fan Stockholm en de Provinsje Fryslân.

Foar neiere ynformaasje of om direkt kontakt op te nimmen mei in fertsjintwurdiger út jo eigen regio, kinne jo kontakt opnimme mei de projektlieder, Ypie Boersma, y.boersma@fryslan.frl +31 615855947. Foar mear ynformaasje oer it ECCA-projekt www.thisismylanguage.eu De folgjende skoallen diene mei oan dizze earste edysje fan ‘e ECCA-kampus: Scola Ladina de Fascia, Istituto Statale di Istruzione Superiore “Magrini Marchetti”, Ady Endre Higschool, Escola Andorrana de Batxillerat, Salesianos Barakaldo, Ysgol Garth Olwg, Sverigefinska skolan en CSG Bogerman Balk.

Taalgrinzen ferlizze mei de ECCA-kampus

Fan 12 – 15 Maaie komme 24 jongelju út 8 ferskillende taalregio’s byinoar om harren talen te fieren op ’e Balearen yn Spanje. Nei’t se earder dit jier meidien hawwe oan in wedstriid, sille dizze studinten fan tusken de 14 en 17 jier âld, no yn ’e mande mei harren learkrêften, meidwaan oan de kampus fan de European Charter Classroom Activities (ECCA).

Wêr giet it ECCA projekt oer? Mei it ECCA-projekt kinne skoallen it hiele skoaljier troch wurkje oan aktiviteiten fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Minderheidstalen yn de klasse. It ECCA-projekt hat as doel op taal rjochte aktiviteiten te ûntwikkeljen en jongelju en harren learkrêften út ferskate taalregio’s tichter byinoar te bringen. Der binne op dit stuit mear as 7000 libbene talen bekend op ’e wrâld. 60 dêrfan, binne talen dy’t regionaal of lokaal troch sa’n 40 miljoen minsken yn Europa sprutsen wurde. It ECCA-projekt wol jonge Europeanen bewust meitsje fan en grutsk meitsje op harren eigen regionale taal njonken de mear as 24 offisjele talen dy’t erkend binne yn de Europeeske Uny.

ECCA-kompetysje
Ferskate skoallen fan hiel Europa diene earder dit jier mei oan in kompetysje, organisearre troch ECCA. Yn ferskillende skoalklassen yn Spanje, Italië, Wales, Roemenië, Sweden en Nederlân krigen learlingen de folgjende fraach foarlein: wêrom soene minsken in besite bringe moatte oan jim regio? De 24 útkeazen jongelju waarden op kreativiteit beoardiele en krigen dêrmei de kâns om mei te dwaan oan de ECCA-kampus en sadwaande de grinzen fan har eigen taal oer te stekken..

ECCA-kampus
By de ECCA-kampus sille dielnimmers dit wykein in op taal rjochte trajekt folgje troch diel te nimmen oan ferskate aktiviteiten yn harren ferskillende talen. Sa sille se bygelyks mei-inoar in rap meitsje yn 8 ferskillende talen. Ek sille se leare hoe’t se in Mobil Journalist (MoJo) wurde kinne troch in nijsberjocht te meitsjen foar de Ried fan Europa oer (en yn) ien fan harren talen. Fan it ECCA-projekt wurdt ferwachte dat it jongelju byinoar bringt foar in útwikseling fan harren ûnderfiningen en gefoelens oangeande it praten yn in regionale- of minderheidstaal en har sadwaande in positive bewustwurding oer de wearde fan twa- of meartaligens by te bringen.

Network to Promote Linguistic Diversity
It ECCA-projekt wurdt mooglik makke troch in subsydzje fan it Network to Promote Language Diversity (NPLD) en bydragen fan de dielnimmende partners. It NPLD is in Europeesk netwurk dat rjochte is op it mêd fan taalbelied en taalplanning foar talen yn hiel Europa. It NPLD hat sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en ferieningen as har leden. It ECCA-projekt wurdt spesifyk mooglik makke troch de folgjende partners: Provinsje Trento/Ladin Cultural Institute “majon di fascegn”, Agjenzie Regjonâl pe Lenghe Furlane (ARLeF), Partium Christian University, Xarxa Vives d’Universitats, Provincial Council of Bizkaia, Welsh Government, Stockholm University en de Provinsje Fryslân.

Resultaten fan ECCA
De resultaten fan de ECCA-kampus kinne besjoen wurde op sosjale media op Instagram (thisismylanguage.eu), Twitter (myeulanguage) en 8 fan de dielnimmende talen op de website: Yn septimber, de moanne fan ’e Europeeske Dei fan de Talen sil in gearfetting fan de resultaten fan it projekt presintearre wurde oan de Ried fan Europa yn Brussel.

Foar mear ynformaasje of om direkt kontakt op te nimmen mei in fertsjintwurdiger fan jo regio kinne jo maile of skilje mei de projektlieder, Ypie Boersma, y.boersma@fryslan.frl +31 615855947. Foar mear ynformaasje oer it ECCA-projekt sjoch: www.thisismylanguage.eu

De folgjende skoallen dogge mei oan it projekt: Scola Ladina de Fascia, Istituto Statale di Istruzione Superiore “Magrini Marchetti”, Ady Endre Higschool, Escola Andorrana de Batxillerat, Salesianos Barakaldo, Ysgol Garth Olwg, Sweden Finnish School of Stockholm en CSG Bogerman Balk Campus.

Utslach: hokker learlingen fan hokker skoallen meie nei de ECCA-kampus ta?

Hjoed op de dei fan Ynternasjonaal Gelok is bekend makke wa’t út ferskate taalregio’s wei nei de Balearen meie om mei te dwaan oan de ECCA-kampus. Alle selektearre jongeren hawwe fan harren skoalle út meidien oan de wedstriid fan ECCA. Sy hawwe mei in fideo, in tekening of in oar kreatyf produkt antwurd jûn op de fraach: wêrom is dyn taalregio it wurdich om besocht te wurden troch minsken fan de hiele wrâld?

Hjirûnder de skoallen dy’t yn alle gefallen dielnimmers ôffurdigje sille nei de ECCA-kampus op de Balearen fan 12 oant 15 maaie. As dyn regio der noch net by stiet, reitsje net yn panyk. Troch de populariteit fan de wedstriid yn in part fan de regio’s is der noch wat mear tiid nedich om ta in seleksje te kommen. Yn de rin fan de wike komt mear ynformaasje op de website.

LADIN
Scola Ladina de Fascia
Daniele
Nicole
Alice

FRYSK
CSG Bogerman Balk
Jesse
Michael
Ruben

MAGYAR
Ady Endre Highschool
Panna
Kinga
Szabolcs-Péter

CATALA
Escola Andorrana de Batxillerat
Cerni 
Carla
Esther

CYMREAG
Ysgol Garth Olwg
Lauren
Ava
Seren

SWEDEN FINNISH
Campus from the Sweden Finnish School of Stockholm. 
Dina 
Hilda 
Sid 

EUSKARA
Salesianos Barakaldo
Ziortza
Ruth
Naiara

FURLAN
ISIS Magrini Marchetti
Nicholas
Caterina
Giorgia

Yn it plak dêr’tsto wennest is it normaal om mear as ien taal te hawwen. Bisto tusken de 14 en 17 jier? Doch mei oan de ECCA wedstriid! Meitsje mei gebrûk fan dyn eigen taal dúdlik yn in fideo, foto, gedicht of ferhaal wat dyn regio mei in eigen taal foar dy in plak makket dat it wurdich is om besocht te wurden troch hiel de wrâld!

Winners fan dizze wedstriid kinne fergees meidwaan oan in troch ECCA organisearre kampus op de Balearen fan 12 – 15 maaie. Dêr sille jongerein en dosinten út 8 Europeeske taalregio’s by behelle wurde.

DOCH MEI!

BESYKJE MYN TAALREGIO! 

Yn it plak dêr’tsto wennest is it normaal om mear as ien taal te hawwen. Bisto tusken de 14 en 17 jier? Doch mei oan de ECCA wedstriid! Meitsje mei gebrûk fan dyn eigen taal dúdlik yn in fideo, foto, gedicht of ferhaal wat dyn regio mei in eigen taal foar dy in plak makket dat it wurdich is om besocht te wurden troch hiel de wrâld!

Winners fan dizze wedstriid kinne fergees meidwaan oan in troch ECCA organisearre kampus op de Balearen fan 12 – 15 maaie. Dêr sille jongerein en dosinten út 8 Europeeske taalregio’s by behelle wurde.

ECCA Kick Off 21 February 12.00 CEST, 11.00 GMT 


“Taal is net allinne in middel om te kommunisearjen, it is ek part fan wa’sto bist. It Europeeske Hânfêst jout jongeren yn taalregio’s rjochten wêr’t sy faaks net iens fan witte. Dit ECCA-projekt wol jonge minsken út ferskate taalregio’s by-inoar bringe and sa posityf bewust wêzen hjiroer kreëarje.”

Ypie Boersma, projekt-lieder ECCA
Provinsje Fryslân, Nederlân

Argyf

Resultaten ECCA projekt presintearre yn Trento (2021)

 

Yn oanwezichheid fan ferskate politike fertsjinwurdigers en de de foarsitter fan it NPLD, hawwe dosinten en learlingen fan ferskillende taalregio’s de resultaten fan it European Charter Classroom Activities (ECCA) projekt presintearre.

Koarte video
ecca alternative evaluation

Ofslutende ECCA-konferinsje 1 oktober

Op 1 oktober sil der yn de provinsje fan Trento (Italië) in ôfslutende gearkomste wêze foar de pilot fan it European Charter Classroom Activities (ECCA)-projekt. By de konferinsje sille ECCA-partners resultaten fan it projekt presintearje. Ek sille sy in besite bringe oan Luserna, in lyts doarp, dêr’t ien fan de lytste minderheden yn Europa libje, de Cibrians. Yn 2019 hat it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) jild beskikber steld. Troch koroana binne in protte fan de plende aktiviteiten spitigernôch net trochgien.

Nei de ôfslutende konferinsje sille de partners fan it ECCA-projekt besjen oft en hoe’t sy der in ferfolch oan jaan wolle. Foar mear ynformaasje oer it projekt en de belutsen partners, sjoch: www.thisismylanguage.eu

Join Zoom Meeting

https://us02web.zoom.us/j/81914140161?pwd=cUlTVHM2QUJyMkd1RjJGNDFNT2d3dz09

Meeting ID: 819 1414 0161
Passcode: ECCATrento

ECCA-lessen foar Fryske skoallen publisearre

Foar it ECCA-projekt hat de provinsje Fryslân, yn gearwurking mei Afûk en Cedin, trije lessen oer it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûntwikkele. De lessen binne makke om learlingen tusken de 11 en 16 jier neitinke te litten oer it plak fan harren taal yn de Europeeske kontekst. Foar de middelbere skoallen yn Fryslân binne de oarspronklik Fryske digitale lessen ek oerset nei Nederlânsk en Ingelsk. Sjoch foar mear ynformaasje: https://ecca.edufrysk.nl/
Yn septimber krije alle skoallen yn de provinsje Fryslân de ECCA-poster, in lânkaart fan Europa mei al ús talen derop, dy’t yn kombinaasje mei de lessen brûkt wurde kin.

Utwikselingsûnderdiel ECCA-projekt stopsetten

Foar de simmer hawwe de ECCA-partners definityf it beslút nommen it útwikselingspart fan it ECCA-projekt, dêr’t yn 2019 mei begûn is, stop te setten. As ûnderdiel fan it projekt hawwe learlingen yn ferskate taalregio’s meidien oan in wedstriid, dêrfoar makken sy in filmke oer de betsjutting fan taal. De winners fan dy wedstriid wiene selektearre om op útwikseling te gean yn ien fan de oare taalregio’s. Sjoch foar mear ynformaasje: https://youtu.be/cHpS6UcYbpo. Troch de gefolgen fan koroana is it útwikselingsprogramma ferskate kearen útsteld. Spitigernôch hawwe de organisators op it lêst it beslút nimme moatten dat diel fan it projekt net út te fieren. De belutsen learlingen hawwe yn plak dêrfan in kadobon krigen, mei dêrby in ECCA-sertifikaat.

Besykje ús ECCA YouTube kanaal foar mear nije fideo's

Ferfolch oangeande covid-19

De lêste trije moannen koenen de measte learlingen en learkrêften dy’t meidogge oan it ECCA projekt troch it covid-19 firus net nei skoalle ta. Alle dielnimmers binne ynformearre dat it plande útwikselingsprogramma yn de maaitiid fan 2020 net trochgean koe. Mei de oare by it projekt behelle NPLD partners hawwe wy krektlyn it beslút nommen dat wy besykje sille om it útwikselingsprojekt begjin 2021 te organisearjen. Wy sille de learlingen en learkrêften mei ús ECCA nijsbrief fierder op de hichte hâlde. Dizze simmer hoopje wy troch it organisearjen fan ferskate digitale ECCA aktiviteiten better mei-inoar yn de kunde te kommen. Ferskate resultaten fan dizze aktiviteiten sille wy op ús webside publisearje.

Covid-19 strip yn ús talen

De ferneamde Italiaanske keunstner Fabio Vettori hat in kleurige strip makke oer de maatregels tsjin covid-19. Ferskate partners fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) hawwe de posters mei de strip oersetten nei harren eigen talen en dialekten. Sietske Poepjes, foarsitter fan it NPLD: “Wy tinke dat it tige wichtich is dat ynformaasje oer de maatregels oangeande covid-19 ek beskikber is yn ús eigen talen, lykas it Friulysk, Hongaarsk, Katalaansk, Ladinysk en myn eigen taal Frysk. Dit soarte fan belangrike ynformaasje moat net allinne beskikber wêze yn de offisjele talen fan de Europeeske Uny , mar ek yn de talen fan ús hert.”
Do kinst ynformaasje oer de strip yn ferskate talen fan it ECCA projekt hjir del helje. CATALA ENGLISH FRYSK FURLAN LADIN MAGYAR

 

Oersjoch ECCA aktiviteiten

Ek al wie it net mooglik om it útwikselingsprogramma trochgean te litten, der binne wol klassikale aktiviteiten dien yn it earste diel fan it skoaljier 2019-20. Foar mear ynformaasje oer it ECCA programma oant no ta: klik op de links

Ynfloed firus op ECCA projekt

Doch mei oan wedstriid om útwikseling te winnen!

Komsto mei de Fryske taal net fierder as de provinsjegrins? As dyn skoalle meidocht oan it projekt European Charter Classroom Activities (ECCA) en do Frysk praatst, meitsje dan in fideo oer de fraach: wat betsjut dyn taal foar dy, no en yn de takomst?  De makker fan de bêste YouTube fideo mei yn 2020 in pear dagen op útwikseling nei in yn gearwurking mei dyn skoalle organisearre oare taalregio yn Europa. Dêr ferbliuwsto by in famylje dy’t Friulian (IT), Hongaarsk (RO), Ladin (ITA) of Catalaansk (ESP) praat. Doch mei oan dizze kriich en mei it Frysk komsto wol fierder as de grins fan Fryslân!

Trije winnende fideo’s :

Ids & Jorrit (CSG Liudger College Burgum)  en Elske & Wybrich (CSG Bogerman Balk) en Timo en Niek (Singelland het Drachtster Lyceum): LOKWINSKE!

 

It ECCA projekt hat as doel om klasse aktiviteiten te ûntwikkeljen en jonge minsken en leararen fan ferskate taalregio’s út by-inoar te bringen troch in útwikselingsprogramma. Troch it korona firus giet it earste part fan ús útwikselingsprogramma ein maart fan Spanje en Italië nei Roemenië net troch. It part fan útwikselings foar de oare studinten en harren dosinten nei ferskate taalregio’s stea op de planning foar de kommende moannen, april en maaie. Alle behelle NPLD partners binne in kontakt mei de dosinten, studinten en harren âlders/fersoargers oer hoe no fierder te gean mei it ECCA programma. As it mooglik is sil it ECCA programma fierder útfiert wurde, mar it hinget allegearre ôf fan de fierdere ûntwikkeling fan it firus in hiel Europa. As it net mooglik of ferantwurde is om foar de simmer mei it ECCA programma fierder te gean, dan sille wy besykje om yn it nije skoalle jier mei de selde selekteare studinten en harren dosinten fierder op te pakken. Wy hoopje dat it wurklik mooglik is om op in dei de grinzen oer te gean mei ús eigen talen.

Oftraap gearkomste 15 novimber 2019 yn Brussel

Op 15 novimber om 8.45 oere sil de ôftraap gearkomste fan it ECCA-projekt yn Brussel plak hawwe.  By dizze earste gearkomste sille alle by dit projekt belutsen NPLD partners fan de ferskate regio’s oanwêzich wêze. Ek ferskillende ferstjinwurdigers fan skoallen dy’t oan dit projekt mei dogge sille yn Brussel oanwezich wêze. Fan de Ried fan Europa út sil de Sekretaris-Generaal fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen (ECRML) Sixto Molina njonken, Fernando Ramallo en Vicent Climent sprekkers  wêze. Dizze gearkomste sille wy fierder fan gedachten wiskelje hoe oan de gong te gean mei de klasse-aktiviteiten oangeande it Europeeske Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Ek krije learkrêften hjir by dizze gearkomste training oer. 
Kickoff ECCA programme 15.11.19
Kick-off meeting ECCA 15 November 2019