Oké, noch even werom nei de bekende Friezen. Jorrit Bergsma pronket mei syn Fryslân swimbroek, Iris Kroes tweet Frysk en ek Rens Kroes dielt in Frysk resept foar koeke. Leuk en aardich allegear, mar wat smyt dat op?

Ast betinkst dat dizze minsken in hiel soad folgers ha, dy’t allegear it Frysk sjogge, smyt it in hiel soad op! Minsken dy’t oars miskien hielendal gjin Frysk sjogge, lêze of sels mar begripe krije it no te sjen op social media. En dat is precies wêrom’t de Ynternasjonale Social Media Dei organiseare wurdt! Foaral trochgean dus, mei dat Frysk praten en skriuwen.