De oare lytse talen yn Europa binne ek wekker. De ‘meet-and-greet’ is fan start en eltse taal wurdt begroete troch de oare talen. Praat mar Frysk docht dit troch in moai byld fan Fryslân te dielen en Fryske groetnissen te dwaan oan de oare Europeeske dielnimmers oan de Ynternasjonale Social Media Dei.

Underwilens is #Frysk op Instagram al mear as 3.500 kear brûkt, en de foto’s van Praat mar Frysk wurde in hiel soad liked en dield. Op Facebook komme der in soad reaksjes en is elkenien drok dwaande om it #Frysk yn de skynwerpers te setten. En dan hawwe wy Twitter fansels ek noch, elkenien is fansels bekend mei de Fryske Twitterdei en dat is te  merken! Eltsenien giet los!