Ja ja, it is ûnderwilens al hast 16:00 oere! En dat bestjut dat de Ynternasjonale Social Media Dei no al san 16 oeren oan de gong is! It giet goed, sa goed sels dat #EDL2017 sawol ynternasjonaal as yn Nederlân al ‘trending topic’ west hat. Net allinne Friezen brûke dizze hashtag, ek yn it bûtenlân wurde der in soad berjochten pleatst mei #EDL2017.

Mar no even oer ús ‘eigen’ hashtag: #Frysk. Wat docht er it goed net? Alle berjochten mei dizze hashtag hawwe te dwaan mei it doel fan de dei: it Frysk ûnder de minsken bringe op social media. En it wurket! Op Facebook, Twitter en Instagram gean de minsken los en se poste om it libben. De dei is noch net foarby, wy binne benijd wat der noch kommen giet!