Op de Ynternasjonale Social Media Dei stiet it #Frysk sintraal. Fannemoarn betiid waard der al drok op los Twittere, Facebooked en ek op Instagram gie it los. Minsken út ús provinsje, mar ek fier bûten, lykas út Austraalje, Noarwegen en Amearika wiene drok dwaande mei #Frysk en #EDL2017. Al om in oere as njoggen wiene beide hashtags ‘trending topic’, dus meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter.

Gedichtjes, foto’s, filmkes. Alles komt foarby en de minsken binne o sa kreatyf. Sa’t in twitterder sei:

“Myn memmtaal,

dy grustke taal,

wat bin ik wiis mei dy

ik wit dat as ik har dan brûk

is sy ek wiis mei my”

En is it mar krekt.