It Frysk is de lânseigen taal dy’t fan âlds sprutsen wurdt yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de Nederlânske provinsje Fryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it Nederlânsk. It Frysk heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan ‘e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk.

Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan ‘e ein fan ‘e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hat 650.000 ynwenners en in oerflak fan 6198,64 km2, dêr’t 2849,38 km2 fan wetter is. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.

De missy fan de Afûk foar de kommende beliedsperioade is: ferbine en diele. Wy wolle troch ús eigen aktiviteiten mei dy fan oaren te ferbinen ús doelen noch better berikke en troch ús kennis en ûnderfiningen te dielen de ekspertize op it mêd fan meartaligens fergrutsje. De doelen fan de Afûk binne: taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. En omdat dy net los faninoar steane, wolle wy de gearhing dertusken neistribje. Wy rjochtsje ús dêrby op de folsleine Fryske mienskip fan poppe oant âlderein. Wy wolle Fryslân ferbine mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.

West Frisian, or simply Frisian (Frysk; Dutch: Fries [ˈfris]) is a West Germanic language spoken mostly in the province of Friesland (Fryslân) in the north of the Netherlands, mostly by those of Frisian ancestry. It is the most widely spoken of the three Frisian languages.

Friesland is a province in the northwest of the Netherlands. It is situated west of Groningen, northwest of Drenthe and Overijssel, north of Flevoland, northeast of North Holland, and south of the North Sea. In 2010, the province had a population of 646,000 and a total area of 5,749 km2 (2,220 sq mi).

The goal of the Afûk foundation is to promote the knowledge and use of the Frisian language as well as promoting the interest in Fryslân and its culture.

Afûk wants to accomplish this by:
– organizing courses and exams;
– publishing educational materials, books and other publications;
– working on concrete projects;
– promoting Frisian in existing and new media;
– providing advice;
– all other means to further the goal.