Alle partners dy’t behelle binne by it ECCA-projekt binne lid van it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). It NPLD is in Europeesk netwurk op it mêd fan taalbelied. De fokus leit hjirby op de saneamde ‘lytsere’ talen lykas it Frysk, it Friulian en het Katalaansk. It doel fan it NPLD is om yn Europa mear bewustwêzen te krijen oer it belang fan taalferskaat. Mear as 40 oerheden, taalorganisaasjes en universiteiten binne lid fan it NPLD. Leden fan it NPLD wikselje oer taalbelied kennis mei-inoar út en lûke yn lobby yn de EU as dat kin tegearre op. It NPLD kantoar sit yn Brussel. Foar mear ynformaasje oer it NPLD sjoch dizze link.
Mei dit ECCA projekt dat troch sân NPLD partners yn fiif regio’s opsetten is, wurdt ynfolling jûn oan it op projektnivo oer de grinzen hinne gear te wurkjen. Dit ECCA-projekt wurdt finansjeel mei mooglik makke troch it NPLD en de san NPLD-partners. Nei juny 2020 sil sjoen wurde of it projekt ek útwreide wurde kin nei mear NPLD regio’s en/of lannen